Epke en Marit donearje olympyske tenu's foar Serious Request

Epke Zonderland op de kwalifikaasje yn Rio © ANP
Epke Zonderland en Marit Bouwmeester donearje harren olympyske sporttenu's foar Serious Request. Op it turnpak fan Epke en de sylklean fan Marit kin op de webside fan Serious Request jild bean wurde. Dat giet nei it ferhelpen fan longûntstekking by bern.
Oant no is 70 euro bean op Epke's turnpak en 125 euro op Marit's sylpak. Leafhawwers fan de klean moatte der gau by wêze, want de feiling slút oer in pear dagen.
Serious Request begjint moandei en duorret oant en mei sneon 24 desimber. It wurdt dit jier hâlden yn Breda.