Histoaryske winst LDODK op TOP Sassenheim

17 des 2016 - 21:06

De kuorballers fan LDODK fan De Gordyk hawwe sneontejûn foar it earst yn de histoarje wûn fan lânskampioen TOP Sassenheim. Yn Sassenheim waard it 26-22 foar LDODK. Nei 7-7 wie LDODK net mear te hâlden. De ploech rûn út nei 17-10 by it skoft.

Yn de twadde helte bleau it ferskil in skoft yn stân. LDODK behold lang in maksimale foarsprong fan acht goals. Yn it lêste kertier kaam der noch wol wat spanning. It gat waard in gatsje fan trije punten. Fierder liet LDODK it lykwols net komme. Marjolijn Kroon (6) en Friso Boode (6) wiene tûk.

LDODK stiet foarearst stevich op it twadde plak yn de kuorbal league mei 10 punten út seis duels, twa minder as koprinner PKC. It doel dit seizoen is in plak yn de top-4. Dy fjouwer ploegen stride oan de ein fan it seizoen om de lânstitel.

SCO

SCO ferlear sneon fan Rohda. It waard 23-17 foar de Amsterdammers.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK TOP Sassenheim
(Advertinsje)
(Advertinsje)