Scooterrider rydt fuotgonger oan yn De Sweach, beide ferwûne

17 des 2016 - 19:45
By it ûngelok rekken twa persoanen ferwûne - Foto: De Vries Media

De bestjoerder fan in scooter en in fuotgonger binne sneontejûn ferwûne rekke by in botsing yn Kollumersweach. De fuotgonger waard oanrieden troch de scooterrider en moast mei noch ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht wurde. Ek de scooterrider is nei it sikehûs brocht.

It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
Kollumersweach oanriding
(Advertinsje)
(Advertinsje)