Wytgaard yn aksje foar eigeners ôfbaarnde pleats

17 des 2016 - 17:25
Foto: Kappers Media

It doarp Wytgaard komt yn aksje foar de troch brân troffen famylje Visser. Oan it begjin fan sneontemiddei baarnde harren pleats oan de Hegedyk yn Wytgaard ôf. Se rekken sa'n bytsje alles kwyt. Allinnich parten fan de stâl koene rêden wurden. Ek kamen inkelde tsientallen kealtsjes om.

De aktiviteitekommisje Pypskoft yn Wytgaard is nei it hearen fan de brân fuort yn aksje kaam. Yn it doarpshûs ha se in ynsammelpunt makke. Der is sels al ferfangende wenromte oanbean.

De famylje hat neffens Trudy Jorna fan de kommisje ferlet fan guod lykas pyama's en toskpoetsersguod. De kij binne yntusken oerbrocht nei in oare pleats yn it doarp. Dêr stie noch in stâl leech. Se kinne dêr ek molken wurde.

Trefwurden: 
brân Wytgaard pypskoft
(Advertinsje)
(Advertinsje)