Follybalsters VC Snits ûnderút

17 des 2016 - 17:16
Foto: AWfoto

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe sneontemiddei de kompetysjewedstriid ferlern fan TalentTeam Papendal, de nûmer acht yn de earedifyzje. Snits wûn de earste set yn Arnhem mei 25-20, mar rekke de foarsprong kwyt. De twadde set waard ferlern mei 25-23 en ek de tredde en fjirde set giene nei TalentTeam yn 25-18 en 25-21.

Snits stiet no noch op it twadde plak yn de kompetysje, mar sil sneontejûn in plak sakje as Springendal-Set-Up wint fan Sliedrecht Sport.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)