Santarun Ljouwert bringt 12.000 euro op foar CliniClowns

17 des 2016 - 16:23

De Santarun yn it sintrum fan Ljouwert hat goed 12.000 euro opsmiten. Dat jild giet nei de CliniClowns. Sa'n 450 as krystman ferklaaide hurdrinners diene mei oan it evenemint. Sy moast in ôfstân fan 2,3 kilometer troch it sintrum fan Ljouwert ôflizze.

Der wie ek in feiling foar de minsken dy't net meirinne woene. In fuotbalshirt mei de hantekeningen fan de spilers fan SC Cambuur brocht 225 euro op. Boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân hat 'm kocht.

It wie foar him in foarm fan kompensaasje om't er ôfrûne tongersdei net by de bekerwedstriid tsjin Ajax wêze koe.

Trefwurden: 
Santarun Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)