Ruben Scheurwater wint Adventurerun It Amelân

17 des 2016 - 15:59

De 36-jierrige Ruben Scheurwater út Dordrecht hat de heale maraton fan de Adventurerun op It Amelân wûn. Hy kaam yn in tiid fan 1.10.48 trije sekonden earder oer de streek as âld-Boalserter Erik Negerman. Olfert Molenhuis fan Assen waard tredde.

By de froulju wûn Marije te Raa Wolfheze yn in tiid fan 1.19.45. As twadde kaam Mirjam van Rijen út Amsterdam yn in tiid fan 1.22.50 oer de streek.

Skiep op 'e dyk

Scheurwater, Negerman en Molenhuis rûnen de folsleine wedstriid op kop. Underweis nei de einstreek waarden de mannen hast noch fan de dyk rûn troch in keppel skiep. Dy rekken yn panyk doe't de hurdrinners foarby kamen en setten it ek op in rinnen.

De oerwinning fan Scheurwater kaam as in grutte ferrassing. Hy wie op it lêste momint ynflein as ferfanger fan de sike Tom Wiggers fan Den Haag.

(Advertinsje)
(Advertinsje)