Topman Trajectum foar tuchtkolleezje fanwegen selsdeadzjen

17 des 2016 - 14:06
Ynspeksje foar de sûnenssoarch - Foto: ANP

De Ynspeksje foar de Sûnenssoarch hat de topman fan de soarchynstelling Trajectum yn Boyl oanklage nei in rige fan acht selsdeadingen yn tolve moannen. De selsdeadingen wiene net allegearre yn Boyl, Trajectum hat sân lokaasjes yn it noarden en it easten fan it lân.

De soarchynstelling is bedoeld foar pasjinten mei slimme gedrachsproblemen of mei psychiatryske klachten, en stiet bekend as it lêste rêdmiddel foar pasjinten dy't op in oar plak net telâne kinne.

Neffens de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch hat de topman him net goed oan de regels hâlden. De topman seit dat er yntern júst wol oan de belle lutsen hat, en dat er sels de ynspeksje warskôge hat. Hy wurket no net mear by Trajectum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)