Bestjoerder rekket ferwûne by ûngelok yn Drachten

17 des 2016 - 12:02
Foto: De Vries Media

Op de Knobben, njonken it fleanfjild yn Drachten, is sneontemoarn in auto yn in sleat bedarre. De bestjoerder rekke ferwûne, en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Hoe't de auto yn it wetter telâne kaam is, is net bekend. In meiwurker fan it bergingsbedriuw moast de sleat yn om te helpen de auto der wer út te krijen.

Trefwurden: 
sleat Drachten ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)