Ynbrekkers slaan slach op ferskate plakken yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Ynbrekkers ha de ôfrûne dagen op ferskate plakken yn de provinsje taslein. By in wenhûs oan de Sassingastins yn Ljouwert koene se freedtejûn mei in ljedder troch it rút klimme, en by in oar hûs yn dyselde strjitte ha se de achterdoar iepenbrutsen.
Ek oan de Stasjonswei op De Gordyk is ynbrutsen, lykas oan de Breewei op De Tynje. Yn dy strjitte soe it al de tredde kear yn koarte tiid wêze dat der ynbrutsen is.
De plysje advisearret minsken om de doarren goed op slot te dwaan as se fuort geane en it hûs sa achter te litten dat it liket dat der noch minsken thús binne.