Plysje nimt scooter yn beslach nei meardere oertredings
De plysje hat freedtenacht de scooter fan in 21-jierrige man út Ljouwert yn beslach naam. De man ried te hurd, hy hie gjin rydbewiis en de scooter moast noch keurd wurde.
De plysje hat proses-ferbaal opmakke.