"Nije regels ynfaldosinten losse problemen net allegear op"

De nije regels foar ynfallers losse de problemen yn it ûnderwiis net allegearre op. Dat seit Jan Sijtsema fan it CBO Fryslân. Skoallen kamen yn de problemen omdat se ynfallers nei seis kear in fêst kontrakt oanbiede moatte. Yn de earste trije moannen fan it jier, as der de measte syktegefallen binne, telt dy regel no net mear.
"It is in adempauze," seit Sijtsema, "mar we binne der noch net. It hie folle rommer moatten. Dizze nije regel jildt nammentlik net as bygelyks ien fan ús meiwurkers in dei frij ha moat foar in begraffenis."