Fryske militêren fiere krysttiid efter de Iraakske frontliny

17 des 2016 - 09:39

Inkelde tsientallen Friezen bringe de krystdagen troch yn Irak. Se hearre by it 44e pânser-ynfantery-bataljon Johan Willem Friso fan de kazerne yn Havelte, it saneamde Fryske bataljon. Yn Irak traine se Koerdyske militêren dy't har opmeitsje foar de striid tsjin IS. Op meardere plakken om de Iraakske stêd Erbil hinne ha de militêren harren kamp opslein.

Erbil is de haadstêd fan Iraaks Koerdistan. It is de fjirde stêd fan it lân en is de haadstêd fan de federale steat Iraaks-Koerdistan. De terreur en de striid tsjin IS dy't Irak al jierren ferskuort is dêr fier fuort. Striders fan Islamityske Steat is it net slagge de stêd yn te nimmen. Mei help fan de Amerikanen koene dy ferdreaun wurde. Erbil is no al it sintrum yn de striid tsjin IS yn it noarden fan Irak. Koerdyske striders fan de Peshmerga krije dêr in basisoplieding. Dy is needsaaklik om IS te bestriden.

"Altijd Vooraan"

Foar de manskippen fan it 44e is in útstjoering hiel gewoan. Mei it motto "Altijd Vooraan" wie dit bataljon as earste aktyf yn Uruzgan, Afganistan. Dêrnei wie it ek dit bataljon dat ferantwurdlik wie foar de plysjetrainingsmissy yn Kunduz, ek Afganistan. Yn oparbeidzjen mei de mannen fan it Korps Mariniers binne se yn Erbil ferantwurdlik foar de training. "De mannen hebben echt het gevoel dat ze iets goeds doen." Oan it wurd is Bert Stam, as luitenant-kolonel fiert hy it kommando oer dit bataljon.

De kommende dagen reizget hy ôf nei Erbil om de manskippen dêr sa flak foar de krystdagen in hert ûnder de riem te stekken. Guon binne legere op in grut kamp njonken it fleanfjild, oaren sitte op trije oeren ride fan Erbil yn tintsjes. Foar in krystsfear wurdt oeral soarge. Definsje fljocht altyd krystfersiering oer fanút Nederlân. "Dat is dan toch het kleine beetje sfeer waarmee je daar toch enigszins een idee hebt dat het kerst is."

Basisoplieding

De manlju wurkje ek mei de krystdagen gewoan troch en dat is ek needsaaklik. Stam: "Onze mannen geven daar echt een basisopleiding. Gericht op met name overleven," sa seit Stam. "Dus hoe geef je snel eerste hulp en hoe zorg je ervoor dat je niet geraakt wordt als je maat ergens verderop gewond op straat ligt. We leren ze nadenken over de handelingen die ze verrichten op het slagveld."

Dat it wurk fruchten opsmyt docht wol bliken op it slachfjild in lytse 100 kilometer fierderop by Mosul. De Koerdyske striders bin better by steat om bygelyks bomauto's mei selsmoardners út te skeakeljen.

Thús yn Havelte is der ek gjin rêst foar de militêren. Sy meitsje har de kommende wiken op foar in grutte oefening yn Poalen. Dat is de tarieding op de útstjoering nei Litouwen. It 44e wurdt dêr ûnderdiel fan in NAVO-ynset foar de beskerming fan de Baltyske steaten. "Dat heeft van alles te maken met de toegenomen activiteit van Rusland daar langs de grenzen," leit Stam út. "Het gaat om een volledige compagnie met ondersteuning. Je praat dan al snel over ruim 250 manschappen daar langs de Oostgrens."

F16's

Dêr bliuwt it net by. Ek personiel fan de fleanbasis Ljouwert set ôf nei Litouwen. Mei fjouwer F16's wurdt it loftrom fan it lân yn de gaten hâlden. Foar de fleanbasis Ljouwert is dit gjin nije missy. Al in pear kear earder wiene sy dêr aktyf mei de QRA, de ûnderskepping fan Russyske tastellen.

Omrop Fryslân folget luitenant-kolonel Bert Stam de kommende dagen op syn reis by de Fryske troepen del. Hayo Bootsma docht ferslach en praat mei de Friezen dy't dêr fier fan hûs de krystdagen trochbringe.

Trefwurden: 
IS definsje militêren
(Advertinsje)
(Advertinsje)