Sjinkie Knegt wint sulver op 1500 meter yn Súd-Koreä

17 des 2016 - 08:35
Sjinkie Knegt - Foto: Martin de Jong

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat sneontemoarn sulver wûn op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriid yn Gangneung (Súd-Koreä). Knegt hie him mei de bêste tiid pleatst, mar kaam yn de finale krekt te koart. De winst gong nei de Koreaan Jung-Su Lee. De Rus Semen Elistratov waard tredde.

By de froulju wie der gjin Nederlânske dielnimmer yn de finale. Suzanne Schulting fan De Tynje gie yn de heale finale ûnderút en pleatste har dêrtroch net foar de finale.

1000 meter

Rianne de Vries út Akkrum koe krekt gjin medalje pakke op de 1000 meter. Yn de finale kaam se net fierder as it fjirde plak. Daan Breeuwsma fan Akkrum en Ljouwerter Itzhak de Laat hellen by de manlju de finale op de 1000 meter net. De Laat mocht wol útkomme yn de B-finale. Dy wûn hy en dêrmei helle er in sânde plak yn de einútslach.

Oflossing

Op de ôflossing pleatsten de froulju (Suzanne Schulting, Lara van Ruijven, Yara van Kerkhof en Rianne de Vries) harren ienfâldich foar de finale. Dy wurdt snein riden.

De manlju komme dan net yn aksje. De ploech, mei Daan Breeuwsma, Sjinkie Knegt, Adwin Snellink en Itzhak de Laat, krigen yn de heale finale in straf en binne dus útskeakele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)