Gjin SP mear yn ried Ljouwert

21 maaie 2012 - 17:55

Fraksjefoarsitter Jeffrey Brakenhoff fan de SP yn Ljouwert stapt út de Sosjalistyske Partij. De politikus sit sûnt desimber 2010 yn de Ljouwerter ried. Yn 2011 waard er noch útroppen ta riedslid fan it jier.

Brakenhoff bliuwt wol yn de rie, ynearsten op persoanlike titel. Hy ferlit de SP omdat er de partij ûndemokratysk en ûnminsklik fynt. De SP jout gjin romte oan eigen ideeën en inisjativen. Boppedat freget de partij tefolle fan frijwilligers, sa fynt Brakenhoff. Syn stipefraksje stiet achter it beslút fan it riedslid.

Troch de stap fan Brakenhoff is de SP foar it earst sûnt 1998 net mear fertsjintwurdige yn de Ljouwerter gemeenteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)