UNIS Flyers hellet Slowaaksk jeugdinternational Adam Bezak

17 des 2016 - 08:03
Foto: UNIS Flyers

De Slowaakse iishockeyer Adam Bezak hat in kontrakt tekene by de UNIS Flyers. Hy makket yn alle gefallen oant de ein fan it seizoen diel út fan de seleksje. Bezak hat foar de Slowaakse nasjonale ploech meidien mei meardere wrâldkampioenskippen foar spilers fan ûnder de 18 jier.

Bezak is gjin ûnbekende namme op It Hearrenfean. Syn heit Marian Bezak spile ein jierren '80 ek in seizoen foar de Flyers.

Adam Bezak makke in goeie yndruk yn de training, seit coach Mike Nason. "Hij is snel en heeft een goede techniek. Met de puck is hij creatief en zijn schot is snel. Zowel aanvallend als verdedigend is hij sterk. Hij is fit en klaar om te spelen."

Hege ferwachtingen

Bezak hat hege ferwachtingen fan syn heale seizoen by de Flyers. "Myn earste yndruk is goed. Der stiet in goede organisaasje, en ik ferwachtsje dat we as topteam meidwaan sille foar it kampioenskip yn de BeNe league. De spilers ha my goed opfong. Dêr wol ik se foar betankje, want dat makket it foar my in stik makliker om myn draai te finen."

Bezak stiet sneontejûn al op it iis, om 20.00 oere spylje de Flyers yn Thialf in kompetysjewedstriid tsjin Antwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)