Auto bedarret op de kop yn in sleat: twa ferwûnen

17 des 2016 - 07:46

By in ûngelok op de Rijpenderleane tusken Wytmarsum en Burchwert binne freedtenacht twa minsken ferwûne rekke. Se rekken mei de auto fan de dyk en bedarren op de kop yn in sleat. De brânwacht hat se út de auto helle.

Ek in traumahelikopter waard oproppen. Beide slachtoffers binne úteinlik mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. Der wiene gjin oare auto's by belutsen.

Trefwurden: 
ûngelok Wytmarsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)