Berend Mink hâldt op as skûtsjeskipper

16 des 2016 - 22:59
Berend Mink - Foto: Martin de Jong

Berend Mink hâldt op as skûtsjeskipper fan 'd'Halve Maen'. Hy skriuwt yn in ferklearring dat er de sport net mear kombinearje kin mei syn wurk. Hy hat in wettersportbedriuw.

Mink neamt it ophâlden as skipper in emosjonele beslissing. Hy hat sûnt 1973 yn de SKS fearn en wûn it kampioenskip mei it 'Doarp Grou' yn 2000 en 2001. Neffens Mink wiene dit de hichtepunten út syn karriêre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)