De Fryske Marren hat húsfêsting statushâlders op it each

16 des 2016 - 22:24

De gemeente De Fryske Marren hat acht lokaasjes op it each foar tydlike húsfêsting fan statushâlders. Dy lokaasjes soene foar maksimaal tsien jier as wenning jilde kinne. Dêrnjonken kinne ek besteande bou en inisjativen fan de doarpen meinommen wurde yn it beslút statushâlders te húsfestjen. Dat seit wethâlder Durk Durksz fan De Fryske Marren. Durksz ferwachtet dat de gemeente dit jier de taakstelling fan 140 statushâlders krekt helje sil. De efterstân fan eardere jierren bliuwt wol bestean.

Statushâlders

Foar takom jier hat De Fryske Marren de taak tachtich statushâlders in wente oan te bieden. Ut it doarp Aldehaske komt it inisjatyf statushâlders yn de leechsteande, âlde skoalle wenje te litten. Direkte omwenners witte dêr lykwols neat fan ôf en binne dêr wat fernuvere oer.

Hierwenten

Omdat de Fryske Marren relatyf in bytsje hierwenten hat, is besletten dat yn ien op de fiif hierwenten statushâlders komme meie. De rest is foar eigen ynwenners. Njonken de gemeente De Fryske Marren hawwe hast alle Fryske gemeenten it dreech genôch statushâlders in plakje te jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)