Feanfroulju ferlieze thús fan PEC Zwolle

© awfoto.nl
De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe freedtejûn ferlern fan PEC Zwolle. Op sportpark Skoatterwâld waard it 4-3 foar de dames út Zwolle. Hearrenfean rekke yn de earste helte al gau op in efterstân troch in doelpunt fan Edme de Graaf. Se kearden de efterstân lykwols gau om yn in 3-1 foarsprong troch twa goals fan Nathalie van den Heuvel en ien fan Jassina Blom.
Zwolle kaam yn de twadde helte sterk werom troch trije kear te skoaren en pakte sa de trije punten yn Hearrenfean. Nije wike freed spylje de froulju de lêste wedstriid foar de winterstop út tsjin Achilles '29.