SC Hearrenfean rêdt it net op tsjin Willem II

16 des 2016 - 21:52

SC Hearrenfean hat freedtejûn de lêste kompetysjewedstriid foar de winterstop tsjin Willem II mei 2-1 ferlern. Yn Tilburg kaam de ploech fan Jurgen Streppel nei in kertier op efterstân troch in doelpunt fan Fran Sol. Doch makken de Feansters yn de 24ste minút wer lyk troch in ynset fan Larsson, dy't úteinlik fia ferdigener Heerkens fan Willem II yn 'e goal bedarre. 

Efterstân

Nei rêst seach Streppel syn ploech op efterstân kommen. Wer wie Sol ferantwurdlik foar it doelpunt fan Willem II. Tsjin de ein fan de wedstriid krige Hearrenfean noch in pear kânsen fia Larsson en Slagveer, mar it wie net genôch om noch in punt te pakken.

Fjirde plak

De Feansters slute de earste seizoenshelte ôf mei 29 punten op in fjirde plak yn de earedifyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)