Oerienkomst foar bou soarchkompleks tekene op De Jouwer

16 des 2016 - 21:41

Neat kin de komst fan it wen-soarchkompleks De Werf op De Jouwer mear tsjinhâlde. Soarchgroep Hof en Hiem en Bougroep Dijkstra Draisma hawwe freedtemiddei de oerienkomst foar de bou tekene en dêrmei is de wei definityf frij foar de komst fan de saneamde 'anderhalvelijnszorg'. By dizze soarch kinne minsken langer selsstannich wenje, wêr't se oars nei it sikehûs ferwiisd wurde soene.

Belutsenen

Njonken de húsdokters fan De Jouwer dogge ek sikehûs Tjongerskâns fan It Hearrenfean, de apoteek, fysioterapeuten en diëtisten mei oan it inisjatyf. Doel is om de soarch op De Jouwer better, effisjinter en betelber te hâlden.

Wen-soarchkompleks

Yn it wen-soarchkompleks De Werf wurde santjin wenten en lytsskalich wenjen foar deminte âlderein makke. Yn totaal kostet it kompleks sa'n fjirtjin miljoen euro. Hûs en Hiem betellet dêr sels de helte oan mei. It gebou sil duorsum makke wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)