Fermiste Skylger is noch hieltyd net fûn
De syktocht fan freed nei de fermiste Tom Kok op Skylge hat opnij neat opsmiten. Freed waard mei troch in lyts klupke minsken en trije hûnen fan de Dutch Rescue Dogs socht nei de 63-jierrige Kok.
Om't dat neat opsmiten hat, wurdt sneontemoarn opnij nei de man socht. It is de bedoeling dat dan mear minsken meisykje.