Lichte delgong fan tal deade fûgels mei fûgelgryp

© Omrop Fryslân, Alle Faber
It tal deade fûgels mei fûgelgryp dat yn Fryslân fûn wurdt, bliuwt op it stuit stabyl en liket stadichoan omleech te gean. Freed binne der 110 deade fûgels romme. Wetterskip Fryslân, natuerorganisaasjes en gemeenten bliuwe de kommende perioade fûgels opromjen.
Oant no ta binne yn totaal goed 1.700 fûgels fûn. Kuierders wurde oproppen om it fjild net yn te gean. Dit jildt ek foar jagers.