Jouster riedseal stiet yn it ramt fan kavellotterij

De gemeente De Fryske Marren organisearre freedtemiddei foar it earst sûnt de ekonomyske krisis wer ris in kavellotterij. De Jouster riedseal siet fol gadingmakkers foar 22 kavels yn it duorsume Jouster nijbouplan Wyldehoarne 3B. It giet om kavels oan it wetter foar frijsteande wenten mei in kostpriis fan tusken de 73.000 euro en 154.000 euro.
Grutte belangstelling
In soad fan de gadingmakkers kamen fan De Jouwert sels. It bebouwen fan de kavels sil sadwaande liede ta in lytse ferhúskarrûsel op De Jouwer. Neffens wurdfierster Wineke Riemersma is oan de grutte belangstelling dúdlik te fernimmen dat de huzemerk wer oanlûkt. It is belied by gemeente de Fryske Marren om te lotsjen as de fraach nei kavels folle grutter is as it oanbod, want dat is neffens de gemeente it earlikst.
Lotterij
Wethâlder Durk Durksz hie de eare om de nammen fan de gadingmakker ien foar ien út in bak mei blauwe baltsjes te heljen. De útlotte keapers hawwe it no tsien de wike oan tiid om de finansiering foar de kavel en it te bouwen nijbouhûs rûn te krijen. As dat net slagget giet de keap oer, en krijt in oare gadingmakker de kavel.