Hiel soad besikers foar publyksdei Eaststellingwerf

16 des 2016 - 20:10

Krapoan fjouwer ton foar 21 ideeën út Eaststellingwerf ferdiele, dat wie it idee fan de publyksdei dy't freed yn de eardere Rabobank fan Easterwâlde hâlden waard. Mar de organisaasje drige it slachtoffer fan syn eigen sukses te wurden. Ferkearsopstoppings en lange rigen foar de doar betsjutten dat der needoplossings komme moasten. Mear doarren iepen, in ekstra stimburo, mear tiid om te stimmen en in ekstra romte iepensteld foar in grutte groep besikers yn in rolstoel.

It wie allegearre te dwaan om de ferdieling fan jild út it saneamde 'Fonds Ooststellingwerf', foar projekten op it mêd fan ynnovaasje, leefberens, natuer en miljeu. Wethâlder Engbert van Esch fan Eaststellingwerf makke úteinlik bekend dat alle projekten honorearre wurde sille. It kolleezje sil noch sjen wêr't it lêste jild dêrfoar krekt weikomme moat, mar it entûsjasme fan de befolking wie sa grut dat boargemaster en wethâlders it te sneu fûnen dat dochs bepaalde projekten bûten de boat falle soene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)