Beswier LTO Noord tsjin heger wetterpeil Lauwersmar

16 des 2016 - 18:43

LTO Noord makket beswier tsjin de plannen foar it ferheegjen fan it wetterpeil fan de Lauwersmar. De provinsje Grinslân is dwaande mei it ûntwikkeljen fan de plannen hjirfoar en hat al in wetterfergunning oanfrege by it wetterskip Noordzijlvest.

De organisaasje fynt dat it ferheegjen fan it wetterpeil in negatyf effekt hat op de boeren yn it omlizzende gebiet. Ek soe eventuele wetteroerlêst net feilich wêze foar de ynwenners fan it gebiet.

(advertinsje)
(advertinsje)