Ferbou Grut Lankum fertrage

De ferbou fan it âlde psychiatrysk sikehûs Grut Lankum yn Frjentsjer rint in jier fertraging op, mar wurdt grif ôfmakke. Dat seit direkteur Bijleveld fan opdrachtjouwer European Care Residence.
It histoarysk gebou wurdt ferboud ta wen-soarch-kompleks mei 70 lúkse apparteminten foar rike âlderen. De lêste wiken wurdt der kwalik oan it gebou wurke, omdat de ECR de finansiering net rûn krije kin. It bedriuw hat al 7,5 miljoen yn de renovaasje stutsen, mar de bank wol de oare 7,5 miljoen net útliene.
De ferwachting is dat de sinteraasje foar de boufak útiten is. Dêrnei giet it tempo wer omheech. Dan kin begjin 2013 de earste bewenners deryn. Oant no ta binne der acht hierders op papier.