Friesch Koffiehuis oan Ruterskertier giet tsjin de flakte

16 des 2016 - 17:42
It eardere Friesche Koffiehuis siet yn dit fertutearze pân

It Friesch Koffiehuis oan it Ruterskertier yn Ljouwert wurdt sloopt. Dat hat de gemeente Ljouwert besletten. It gebou stiet al tolve jier leech. Eardere ynspannings om mei de eigener fan it Koffiehuis ta in oerienkomst te kommen om it pân op te knappen, binne mislearre. Dêrom is no besletten it te slopen.

De Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden sil, mei finansjele stipe fan de gemeente, ynvestearje yn in nij gebou. Op it plak komt nei alle gedachten in restaurant.

(Advertinsje)
(Advertinsje)