Europeeske Kommisje nimt mooglik maatregels tsjin keunstgers

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De Europeeske Kommisje sil mooglik maatregels nimme tsjin keunstgers. It giet dan om de stoffen yn it rubber dat brûkt wurdt. Yn febrewaris ferwachtet Brussel de útslach fan in ûndersyk troch de European Chemicals Agency (ECHA), en dêrnei wurdt in beslút nommen oer de maatregels. De Europeeske Kommisje hat dat sein op fragen fan de Partij voor de Dieren. Dizze partij wol graach dat alle Europeeske sportfjilden keunstgersfrij wurde en weromgeane nei echt gers.
Sûnens
Mooglik sitte der sûnensrisiko's oan keunstgers. It ynstruimiddel dat dêrfoar brûkt wurdt is faak rubbergranulaat, dat makke wurdt fan recycle autobannen. Dat rubber befettet mooglik te hege konsintraasjes kankerferwekkende stoffen. De Partij voor de Dieren wiist dêrnjonken op de negative effekten foar it miljeu: troch keunstgers komt der alle jierren yn Nederlân mear as 1 miljoen kilo oan mikroplestik yn it miljeu.
Undersyk
Ek yn Nederlân wurdt op dit stuit ûndersyk dien nei de skealike gefolgen fan keunstgers. It Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM), komt noch foar de krystdagen mei in rapport.