Waskbear op 'e strún by de Froskepôlle yn Ljouwert

16 des 2016 - 16:12
Waskbear

Der rint in waskbear om yn rekreaasjegebiet de Froskepôlle yn Ljouwert. Op Facebook sirkulearje in foto en in filmke fan it rôfbist. Neffens de diere-ambulânse is de waskbear nei alle gedachten troch syn baaske loslitten yn de natuer en kin er in gefaar wêze foar húsbisten. De organisaasje hat dêrom in koai mei fretten pleatst om it bist te fangen. Oant no ta hat dit noch neat opsmiten.

De waskbear mei net mear as húsdier hâlden wurde yn Nederlân. It bist kin 60 oant 100 sintimeter wurde en yt hast alles, fan lytse bisten sa as kikkerts en fisken oant fruit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)