Kening Willem-Alexander iepenet fernijde Thialf

16 des 2016 - 15:54
Foto: ANP

Kening Willem-Alexander iepenet ein jannewaris it fernijde iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Dat docht er troch it startskot te jaan foar in shorttrackrace en in langebaanwedstryd. Dêrnei krijt de kening in rûnlieding troch it nije stadion. Ta beslút praat er mei sporters en meiwurkers fan Thialf.

Thialf waard yn 1967 offisjeel iepene troch Prinses Christina. Sûnt dy tiid is it stadion meardere kearen ferboud. Sa kaam der yn 1986 in dak op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)