Bestjoerder fan deadlik ûngelok Jirnsum foar de rjochter

© CAMJO media
De bestjoerder fan de auto dy't belutsen wie by in deadlik ûngelok yn april yn Jirnsum, moat tongersdei foar de rjochter komme. By it ûngelok kaam in 14-jierrich famke út Aldehaske om it libben. De doedestiids 18-jierrige jonge út Jirnsum ried tsjin in beam en bedarre dêrnei yn de sleat. Njonken it famke sieten der noch trije oaren yn de auto. Dy rekken swier ferwûne.