Riemer van der Velde: "Van Keimpema bringt my yn diskredyt"

16 des 2016 - 17:00

Earefoarsitter Riemer van der Velde fan Sportklup Hearrenfean is poer op sjoernalist Albert van Keimpema. Van Keimpema skreau it boek "Het wespennest. Het spel om de macht bij sc Heerenveen" oer wat der de lêste tsien jier bestjoerlik mis gien is by Hearrenfean. De auteur beskriuwt dat Van der Velde nei syn ôfskie as foarsitter achter de skermen alles bepaalt, mei as gefolch dat de klup yn de ien nei de oare bestjoerskrisis telâne kaam is.

"Monddood"

Sa stiet der yn it boek: "Heerenveen was ten prooi gevallen aan het machiavellisme van Van der Velde. Tegenstanders werden monddood gemaakt, onder druk gezet, buiten functie gesteld of mentaal gebroken. Manipulatie is het instrument, narcisme de drijfveer."

Diskredyt

Neffens Van der Velde sit it boek fol mei flaters en wurdt hy troch de auteur yn diskredyt brocht. Freed kaam Van der Velde mei in ferklearring dat it boek in oanfal is op elkenien dy't Hearrenfean in waarm hert tadraacht. It boek “Het wespennest. Het spel om de macht bij sc Heerenveen” wurdt takom moandei presintearre.

Besjoch de folsleine útstjoering fan Fryslân Hjoed hjir by Utstjoering Mist fan Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)