Tydlike maatregel foar ynfaldosinten yn bysûnder ûnderwiis

16 des 2016 - 15:20
(stockfoto) - Foto: Omrop Fryslân

In tydlike maatregel moat der foar soargje dat der de kommende tiid gjin bern nei hûs stjoerd wurde, om't de skoalle gjin ynfalmaster of juf fine kin. Fanwegen nije regels moatte ynfallers yn it bysûnder ûnderwiis nei in oantal ynfalbeurten in kontrakt oanbean krije. Mar skoallen kinne dat net betelje en sette dan wer oare ynfallers foar de klasse. Sadwaande ûntstiet in tekoart oan tydlike masters en juffen.

Tydlik mear kontrakten

Mei de tydlike maatregel dy't der no komt meie skoalbestjoeren by sykte tydlik mear kontrakten ôfslute. Dat foarkomt dat bern nei hûs stjoerd wurde. Dat barde ferline wike noch ûnder oare op in skoalle yn Snits.

Grypmoannen

Fan jannewaris oant en mei maart 2017 wurdt de bepaling fan de Wwz, de wet werk en zekerheid, tydlik bûten wurking steld. Skoalbestjoeren kinne yn dy moannen by sykte mear kontrakten ôfslute. Nettsjinsteande de maatregel is der noch gjin strukturele oplossing foar it probleem. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)