SNS skrast kommende fjouwer jier hûnderten banen

16 des 2016 - 14:01

SNS skrast de kommende fjouwer jier sa'n 800 oant 900 folsleine banen. Dat hat it bankekonsern freed oan it begjin fan de middei bekend makke. De reorganisaasje moat in besparring opsmite fan 100 miljoen euro. Under SNS, dat eigendom is fan de oerheid, falle meardere ûnderdielen.It giet ûnder oaren om SNS Bank, dat yn Fryslân fêstigings hat yn Drachten, It Hearrenfean, Ljouwert en Snits.

Ek de Regiobank mei meardere fêstigings yn Fryslân falt ûnder SNS. Tongersdei kundige fersekerder Achmea ek al oan de kommende jierren sa'n 2000 banen te skrassen.

Trefwurden: 
SNS SNS Bank reorganisaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)