Doutzen komt op Flylân yn aksje tsjin plestik sop

16 des 2016 - 13:53

Topmodel Doutzen Kroes is freed op Flylân om dêr aksje te fieren foar in skjinner strân. Se iepene dêr fiif jutbakken, dy't by de strânoergongen op Flylân delsetten binne. De bedoeling is dat besikers fan it strân harren ôffal dêryn achterlitte yn stee fan op it strân. Op de jutbakken binne keunstwurken plakt, makke fan flessedoppen dy't ôfrûne simmer fûn binne op it strân. Dat wienen der yn totaal goed 10.000. Doutzen hopet dat minsken, no't de bakken der stean, harren ôffal better oprêde.

"De Waadeilannen binne in bysûnder stik natuer en ik hoopje dat wy it behâlde kinne foar takomstige generaasjes."

Trefwurden: 
Doutzen Kroes Flylân ôffal
(Advertinsje)
(Advertinsje)