Rutte's oplossing foar it referindum? "In lulkoekferhaal"

16 des 2016 - 13:46

"In lulkoekferhaal." Dat wie ien fan de typearringen foar de oplossing dy't premier Rutte fûn hat foar it Oekraïne-referindum. Nei lange diskusjes yn Europa hat Rutte it foar inoar krigen dat helder op papier komt wat it ferdrach mei Oekraïne allegear NET betsjut.

Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de mieningen hjiroer ferdield: "Hy wol de koal en de geit sparje; hy kin net oars", mar ek: "Nee is Nee, dit is dochs gjin demokrasy mear? En Ruslân derby helje is flauwekul. Dy Poetin sil hjir echt noait komme."

Mar der wie ek begryp: "Rutte hat ècht wol wat binnen helle, jo moatte ek net stuch nee-sizzen bliuwe." Fierder die bliken dat der ek noch wol wat twivels oer it nut referendums: "As je de útslach net folgje, hâldt der dan mar gau mei op. Dan is it jildfergriemerij."

Trefwurden: 
freedsmerk Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)