Utrecht út: "In lytse desepsje"

16 des 2016 - 13:10

"In lytse desepsje." Sa omskriuwt Cambuur trainer Sipke Hulshoff de lotting foar de folgjende bekerronde. De Ljouwerters spylje ein jannewaris in útwedstriid tsjin FC Utrecht. Ek Sander van de Streek toande him licht teloarsteld oer de kommende tsjinstanner.

Cambuur hie hiel graach thús spylje wollen, mar dat sit der dus net yn. Nei de sensasjonele winst op Ajax moat no de knop om. Snein spilet Cambuur de lêste wedstriid fan 2016, út tsjin RKC Waalwijk. Yn de jacht op de subtop mei der eins net ferlern wurde.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)