Rjochter stiet bou fan Lidl yn Grou ta

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Supermerkketen Lidl kin de plannen foar de realisaasje fan in nije fêstiging oan de Stasjonswei yn Grou trochsette. Dat hat de rjochter yn Grins besletten. Twa buertbewenners wienen benaud foar ferkearsoerlêst en stapten dêrom nei de bestjoersrjochter.
Dy hat bepaald dat it besteande ferkearsplan foar dy wyk, dat troch de gemeente tastien is, folstiet. De kleiende buertbewenners, in echtpear, binne de lêste tsjinstanners fan de plannen foar in Lidl yn Grou.
Begjin dit jier wienen der noch trettjin minsken dy't beswier makken tsjin de gemeente Ljouwert oer de ferliende omjouwingsfergunning. Dy hawwe harren beswier no ynlutsen, om't de gemeente foarôfgeand oan de sitting har ferkearsplan útwreide hat.
Mei dy oanpassing foldocht it besteande ferkearsplan, oardiele de rjochter.