Monasch docht boekje iepen oer Nieuwe Wegen op Beyers Naudé

16 des 2016 - 12:14
Learlingen Kr. Gymnasium Beyers Naudé krigen gastles fan Monasch - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De nije partij Nieuwe Wegen fan Snitser Jacques Monasch makket nije wike de slogan foar de ferkiezings bekend. Dat fertelde Monasch freedtemoarn op it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert. Hy wie dêr te gast om te fertellen oer de rol fan de media en oer syn eigen politike takomst. De Snitser dy't út de PvdA stapt is en in nije partij begûn is, wol noch net sizze wa't syn kandidaten foar de ferkiezings binne. Wol sei hy dat genôch minsken harren oanmeld hawwe om op de list te kommen.

Monasch rûzet op tusken de 20 en 30 zetels. 'Dat is heel ambitieus', aldus de politikus, dy't self gjin listlûker wurde hoecht. 'Wordt het dan een vrouw', frege in learling. 'Dat zou zomaar kunnen', antwurde Monasch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)