Fryske Gea skrast ekskurzjes fanwegen de fûgelgryp

16 des 2016 - 12:13

Fanwegen de fûgelgryp hat it Fryske Gea de ekskurzjes yn gebieten mei in soad wetter annulearre. Dat jildt yn alle gefallen foar de kommende twa wiken. Oare ekskurzjes gean wol troch.

Dat meldt it Fryske Gea op twitter en op de webside. It fûgelspotten by de Seedyk del giet bygelyks net troch fanwegen de fûgelgryp. Dat jildt ek foar de kuiertocht troch de Alde Feanen. Op de webside fan it Fryske Gea stiet in oersjoch fan de ekskurzjes en oft se al as net trochgean.

(advertinsje)
(advertinsje)