Winkels yn Kollumerlân meie tenei iepen op snein

16 des 2016 - 10:56
Winkelwein fol mei boadskippen - Foto: ANP

Minsken kinne tenei ek boadskippen op snein helje yn de winkels yn Kollumerlân. Dat hat de gemeenterie tongersdei besletten. Eins hie it beslút dêroer al yn juny falle moatten, mar boargemaster en wethâlders ha langer de tiid naam om alle arguminten goed ôf te weagjen. Winkellju binne der wiis mei dat se no ek op snein iepen meie.

Undernimmer Harm de Hoop fan de Jumbo yn Kollum is bliid mei it beslút. "Wy hawwe hjir goed trije jier foar striden. It is moai dat we no lang om let ek sneins de doarren iepenje meie. Us klanten fregen ús al faak wêrom't de winkels yn Eanjum of Dokkum wol iepen binne, en wy net. Wy seagen ús klanten sneins nei oare winkels gean." De Jumbo yn Kollum sil snein 8 jannewaris takom jier foar it earst iepen wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)