Op krystjûn baarne kearskes op helte Fryske oarlochsgrêven

16 des 2016 - 10:52

Op hast 200 begraafplakken yn it hiele lân baarne op krystjûn kearskes foar slachtoffers fan de oarloch. Foarich jier naam Dick Jansen út Burgum it inisjatyf foar dizze aksje.

"Ik rûn by it begraafplak yn Burgum del en seach dat dêr ek oarlochsgrêven wienen. Ik koe mei herinnerje dat ik in healjier dêrfoar yn Holtum wie en dêr stutsen se al mear as 25 jier kearskes oan. Dat like my hjir ek moai", seit Jansen.

Hy tocht doe noch: as der op 15 of 20 plakken kearskes baarne soene, dan soe dat moai wêze. "Mar it waarden der wat mear. Ik hie de aksje nammentlik ek op Facebook setten en hie binnen in oere al 30 dielnimmers. Nei fjouwer dagen wienen dat der 140." En dit jier wurde it der dus noch mear.

Reaksjes

De reaksjes wienen hertferwaarmjend, seit Jansen. "Ik krige sels berjochtsjes út Ingelân om ús te betankjen dat der in ljochtsje baarnde op it grêf fan pake." Yn Fryslân steane dit jier kearskes op mear as de helte fan de plakken mei oarlochsgrêven. Fryslân telt der 45.

(Advertinsje)
(Advertinsje)