Nij swimbad foar Drachten oan de Sportleane

16 des 2016 - 10:27

De gemeente Smellingerlân hat de Sportleane yn Drachten op it each as lokaasje foar in nij swimbad. Swimbad De Welle is yn 2020 ôfskreaun en dêrom moat der in nij bad komme. Bouwe op it hjoeddeistige plak, oan de Reidingwei, is neffens de gemeente gjin opsje. De gemeente soe dan in soad jild misrinne om't it bad dan jierren ticht moat. Hoe grut at it bad De Nije Welle wurdt, is noch net bekend. De gemeente moar earst de finansiering noch rûn krije.

Neffens Yme Waterlander fan KNZB Regio Noord is de kâns grut dat Drachten wol har 50-meter bad behâldt, wylst der ek belangstelling is yn Grins. "Op dit moment is Drachten het verst met de plannen voor een nieuw zwembad. De helft van het geld heeft de gemeente, nu moet de provincie bijspringen", sa seit Waterlander. Yn de noardlike trije provinsjes is der mar plak foar ien 50-meter bad. "Ik vind dat Groningen en Drenthe grensoverschrijdend moeten denken en de plannen aan Drachten moeten overlaten. We praten al tien jaar over een nieuw 50-meter bad. Laat het nu maar een keer gebeuren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)