Saakkundigen betinke alternativen foar spielmar by Holwert

De Waadsee tusken Holwert en It Amelân © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Der lizze trije alternativen op tafel foar it plan in saneamd spielmar by Holwert. Sa'n mar soe der foar soargje moatte dat it wetter hurder troch de geul nei It Amelân giet wêrtroch dy út himsels better op djipte bliuwt.
In ûndersyk nei de helberens fan dit idee smiet lykwols op dat soks net wurket omdat it wetter foar it grutste part bûten de geul bedarret. Dêrmei ferfalt ek de ferwachte besparring op de baggerkosten dy't soks opsmite moast. Dy besparring moat de plannen foar Holwert oan See mei mooglik meitsje.
Saakkundigen ha no by elkoar sitten en útfûn dat je mei bygelyks strekdammen sa'n spielmar wol oan 'e praat krije kinne. De kosten binne lykwols folle heger en eins past sa'n oplossing net goed yn de wize wêrop't oerheden mei it Waad omgean wolle.