Kollum: "Rasist"

16 des 2016 - 08:46
  • De Toan - Hilda Talsma

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.

"Ik bin in soarte fan rasist, bin ik bang. Want ik bin bêst wol bliid dat ik mei in Fries troud bin en net bygelyks mei sa’n Hollanner of in Amerikaan dy’t de hiele dei eamelet mar úteinlik neat seit. Kleur, ras of aard makket my neat út, salang’t it my mar net te drok oan ‘e holle is. Jou my mar gewoan in nochtere Fries. Sa’n ien dy’t earder te min as tefolle seit.

No wie ik lêst yn ‘e supermerk en myn each foel op in man dy’t ek de winkel yn rûn. Eins wie it mear in soarte fan sweve, echt rinne koest it net neame mar hy folle de romte behoarlik. Hy wie net pypjong mear, neffens my. Ik skat tusken de 40 en de 50 jier mar noch wol strak en foaral hiel hip.

Hy hie in skinnyjeans oan mei in blits learen jaske en oer syn kapsel wie ek goed neitocht. Ferheard seach ik hoe’t er de gongen tusken de skappen brûkte as in catwalk mar ik fûn him net kreas of oantreklik. Dochs wie it wol in type dêr’t je je noch in kear foar omdraaie en ik frege my ôf wêrom ’t dat sa wie.

Ik tink dat it kaam troch syn bravoer en syn útstrieling. It wie in hoanne mei it boarst in ein foarút en yn in supermerk rinne aardich wat hintsjes om. Hy seach der net ûnaardich út mar ik krige al it idee dat er himsels wol hiel fantastysk fûn en dat ek graach oan oaren sjen litte woe. Sa’n sportskoalletype dy’t konstant foar de spegel stiet mei gewichten om syn spieren op te pompen en faker yn ‘e spegel sjocht as de measte froulju.

Ik wit it… it binne allegear foaroardielen en it is net netsjes mar ik bin no ien kear in romanskriuwster. Ik observearje altyd en dan kin der samar tusken de bananen en de apels in ferhaal yn myn holle komme dêr’t hy no efkes de haadpersoan yn wie. Hokker wurk soe er dwaan? Hoe soe er hjitte, hat er frou en bern of in LAT relaasje?

Ik kaam him hieltyd tsjin en ynienen kaam de rasist wer boppe driuwen want ik tocht: ‘It is grif gjin Fries.’ In bytsje Fryske keardel hipt net as in pipo yn in supermerk om mei safolle drokte en maneuvels en ik koe my yntinke dat sa’n type de hiele dei eamelet oer hokker broek of jaske er oan dwaan sil.

Sa rûn ik dus as in hin sûnder holle troch de winkel mei allegear tinzen dy’t neat mei boadskippen as iten te krijen hiene omdat ien of oare aparte keardel yndruk makke mar tagelyk ek net. Ut en troch treffe je fan dy minsken dy’t opfalle. Miskien is soks wol de X-faktor, wa sil it sizze. En it wie ek wol fermaaklik om te sjen hoe oertsjûge oft er fan himsels like te wêzen. As er kukelje koe, hie er it grif dien.

As ik him wer ris tsjinkom dan moat ik al efkes útfine wa’t er no is, fansels. Want as ik it mis ha, moat ik eins al myn ferûntskuldigingen oanbiede. As ik it doar dan freegje ik gewoan: ‘Kiekeboe wa bisto?’ en dan mar ôfwachtsje wat er seit. Miskien hjit er wol Doede en kin er it Fryske folksliet út ‘e holle mar ik ferwachtsje it earlik sein net. Ik tink earder dat er in hiel ferhaal ôfstekt oer sushi of sa dêr’t ik healwei by yn sliep fal.

Soe ik in taalrasist wêze? En binne dêr ek Fryske helpgroepen foar?"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)