Drokte by winkels dy't krystpakketten leverje

16 des 2016 - 08:17

De krystdagen binne hast yn sicht en dus nimt de drokte ta foar winkels dy't de krystpakketten leverje. Want bedriuwen bestelle hieltyd letter de kadootsjes foar harren wurknimmers, fernimt ek Marjan Folkerts fan kado- en wenwinkel 'De Entoeraazje' út Grou.

"Ferline wike krige ik noch in bestelling fan mear as hûndert pakketten. Dat koe noch krekt. Mar alles wat no noch binnenkomt, is eins al te let."

Ek fernimt se, lykas oare ûndernimmers, dat de krystpakketten wer wat djoerder wêze meie. En it giet net allinnich om in doaze wol 'fretterij', it pakket moat ek moai of sels brûkber wêze sizze Folkerts en ek Marck Doornenbos fan de Silershop yn Grou.

Trefwurden: 
krystdagen krystpakket Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)