UPDATE: Fytster komt om by botsing mei bestelbus

16 des 2016 - 07:53
Foto: Srfotografie

By in ûngelok oan de Tsjerkewâl yn Bakkefean is tongersdeitejûn in 83-jierrige fytster út Opsterlân om it libben kaam. De frou woe nei alle gedachten oerstekke en waard skept troch in bestelbus. De plysje docht noch ûndersyk nei it ûngemak. It slachtoffer wie mei twa oare froulju ûnderweis. Sy rekken net ferwûne.

De bestjoerder fan de bestelbus, in 25-jierrige man út Grootegast, kaam mei de skrik frij. De plysje hat syn ferklearring opnaam.

Trefwurden: 
deadlik ûngelok Bakkefean
(Advertinsje)
(Advertinsje)