Rykswettersteat folget frachtferkear mei kamera's yn spits

16 des 2016 - 07:43

Rykswettersteat folget fan freed ôf in wike lang mei kamera's it fracht- en bestelferkear dat Ljouwert ynriden komt mei de spits. Truckspotting wurdt dat ek wol neamd. De kamera's filmje net de nûmerbuorden fan de frachtweinen, mar de reklame en belettering op de weinen.

Doel is om út te finen hokker bedriuwen faak yn de spits ride en dêrmei yn petear te gean. Ljouwert Vrij-Baan hopet dat dizze bedriuwen oare mooglikheden betinke om sa de spits te mijen.

De truckspotting makket ûnderdiel út fan it projekt 'Werk Slim, Reis Slim'. Doel dêrfan is dat yn 2017 alle dagen 130 fracht- en bestelweinen minder yn de Ljouwerter spits ride. Mei oare maatregels moat dat oantal noch oprinne ta tûzen auto's minder op in dei yn de spits.

(Advertinsje)
(Advertinsje)